Weromrop

Web Name: Weromrop

WebSite: http://www.weromrop.nl

ID:261424

Keywords:

Weromrop

Description:


X ThúsSykjeNei Omrop Fryslân

Oerol

It Wetter Op

Wâldrock

Vive la Frise

GEERT!

Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Tûkelteammen 0308

31 Maaie 2005

De achtste en lêste ôflevering fan it tredde seizoen fan de taalkwis Tûkelteammen. Yn team 1 sit sjongeres Anneke Douma mei Jelmer Kuipers út Snits en yn team 2 sit sjongeres Griet Wiersma mei Jan Piet Bergmans út Vianen.

Lês mear oer Tûkelteammen 0308

Sjoch mar: Grutte Pierrace

27 Oktober 1997

De Grutte Pier race is in sylwedstryd fan 50 kilometer. De dielnimmers begjinne yn Boalsert, dan fia Harns en Frentsjer wer nei Boalsert. Arjen de Boer docht mei, mar hâldt er it wol fol?

Lês mear oer Sjoch mar: Grutte Pierrace

Sadwaande: Famyljebedriuwen

27 Maart 2002

Dizze Sadwaande giet oer famyljebedriuwen. We sjogge by trije famyljebedriuwen: supermerk Vlasma yn Kollumerpomp dy't lêsten de doarren slute moast, meubel- en bêdesaak Meulen en Baarsma yn Oentsjerk en Dokkum en slachterij De Jong op De Jouwer. De eigeners fan de supermerk koenen it bedriuw net oerdwaan oan de bern fanwege konkurrinsje. De beide soannen Van der Meulen sitte yn de saak en ek de bern fan De Jong wurkje yn de slachterij. Floris lit sjen dat der ek skaadkanten binne oan in famyljebedriuw.

Lês mear oer Sadwaande: Famyljebedriuwen

Dualisme yn it lokale bestjoer

27 Juny 2022

Diskusjeprogramma oer dualisme yn it lokale bestjoer. It dualisme is fjouwer jier lyn ynfierd. It hâldt yn dat de wethâlder net langer lid fan de gemeenteried is en dat dy it belied útfiert dat troch de ried fêststeld is. Yn it stedhûs fan Dokkum wurdt ûnder lieding fan Gryt van Duinen praat oer wat it dualisme brocht hat, mei foar- en tsjinstanners. Oan tafel sitte heechlearaar Douwe Jan Elzinga en de politisy Jan Waterlander, Lute Pen, Karst Berkenbosch en Piet Waaijer.

Lês mear oer Dualisme yn it lokale bestjoer

'Ierske notysjes': Tjibbe Hooghiemstra yn Ierlân

27 Juny 2022

Portret fan byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra yn Ierlân. Hy komt der al jierren en we sjogge him no by syn ferbliuw yn Annaghmakerrig, wat er syn 'trainingskamp' neamt. De natuer, it lân en de kultuer ynspirearje him. Hy fertelt oer syn wurk en wat Ierlân foar him betsjut. Hy jout der ek les oan de keunstakademy en hat ek lesjûn oan IRA-terroristen yn de finzenis. In galeryhâlder is entûsjast oer it wurk.

Lês mear oer 'Ierske notysjes': Tjibbe Hooghiemstra yn Ierlân

'It stiet as in hûs' oer Stadsherstel

27 Juny 2022

Nei de Twadde Wrâldoarloch wie der in grut ferlet fan wenningen. Nije wiken waarden boud en tagelyk fertutearze de binnenstêd. Frijwilligers fan Stadsherstel knappe âlde pannen op en ferbouwe se. We sjogge foarbylden fan it wurk yn Ljouwert (ferbouwing kultureel sintrum Blauwe Stoep ta wenningen), Harns (Zoutsloot) en Hylpen (haven). Entûsjaste frijwilligers fertelle oer de projekten en wat der allegear by komt te sjen. Der wurdt soms ek kleure-ûndersyk dien om gebouwen yn de oarspronklike steat werom te bringen.

Lês mear oer 'It stiet as in hûs' oer Stadsherstel

Generaasjes: Sjoerd en Paul van der Werf

27 Juny 2022

Heit Sjoerd en soan Paul van der Werf fertelle beide oer har wurk, oerienkomsten en ferskillen. Sjoerd van der Werf is romtefeartsjoernalist, wurke by it Friesch Dagblad en skreau meardere boeken oer romtefeart. Paul is astronoom, as stjerrekundige hâldt er him dwaande mei molkweistelsels. Beide binne ek muzikaal.

Lês mear oer Generaasjes: Sjoerd en Paul van der Werf

Drafbaan Wolvegea

08 Jannewaris 2006

De drafbaan yn Wolvegea stiet faai, troch jildtekoart, fergrizing en bestjoerlike problemen. Hoe lang kinne der noch wedstriden en koersen hâlden wurde? It nije bestjoer hat in plan betocht dat de rêding wurde moat. We sjogge by de koersen, de tariedingen, de minsken dy't op de hynders wedzje en by de trainingen fan de hynders.

Lês mear oer Drafbaan Wolvegea

Spegels Noard-Súd-konsert 2003

01 Maaie 2003

Spegels giet oer it Noard-Súd-konsert yn 2003 yn Tsjummearum. Nei it idee fan dirigint Marten Miedema spylje dêr in solist út it noarden en ien út it suden mei de orkesten De Bazuin út Tsjummearum en Studio It Heidenskip, om de ferbining op it mêd fan blaasmuzyk tusken Fryslân en Limboarch oan te heljen. De 95 muzikanten spylje allinnich wurk fan Fryske en Limboarchske komponisten, lykas New Life fan Maurice Hamers, en Music for a Solemnity. De solisten binne trûbadoers Gé Reinders en Piter Wilkens, dy't elk in regionale ferzy fan it nûmer Blaosmeziek/Blaasmuzyk útfiere.

Lês mear oer Spegels Noard-Súd-konsert 2003

VMBO'ers op it wetter - fiif jier letter

16 Oktober 2005

Fiif jier lyn folgen we fjouwer learlingen fan de Maritieme Academie yn Harns, dêr't se de oplieding folgen foar matroas yn de binnenfeart en ek yntern wennen. No fiif jier letter sykje we se wer op. Hoe is it har fergien? Wurkje se yn de sektor of dogge se wat oars? En wat is yn de tuskentiid bard? Portret fan Jard Jissink (19), Ynse Leenstra (17), Marjoke van Es (19) en Mike Herder (17).

Lês mear oer VMBO'ers op it wetter - fiif jier letter

40 jier Tryater

11 Septimber 2005

Fjouwer artistike lieders sjogge werom op 40 jier Tryater: Thom van der Goot (1980-1985), Guido Wevers (1985-1990), Peter te Nuyl (1990-1993) en Jos Thie (1994-2003). Se fertelle oer de krêft fan it selskip, de kar fan it repertoire, de kar tusken tradysje en fernijing en wat se as hichtepunten beskôgje. Mei argyfbylden fan stikken as Abe (1995), De feint fan twa masters (1986), It Kersehôf (1993), Boeren stjerre (1987), De ûndergong fan Fryslân (1991), Pak 'm Stanzi (1999), Achter de Tobbe (1988), Kening Lear (2003).

Lês mear oer 40 jier Tryater

'Rechte linen': 500 jier Biltsk

27 Novimber 2005

It Bilt is 500 jier lyn ûntstien troch ynpoldering, dat waard benammen dien troch Hollanners en sa is de mingtaal tusken Frysk en Nederlânsk ûntstien. Biltkers binne grutsk op har eigen taal, mar der binne ek bedrigingen. We sjogge by in literêre middei yn de byb, by it meitsjen fan de wyklikse krante De Bildtse Post, by in kursus Biltsk en hearre oer de skiednis. Muzikant en skriuwer Hein Jaap Hilarides fertelt wat de taal foar him betsjut.

Lês mear oer 'Rechte linen': 500 jier Biltsk

Pieter syn Tour

29 Septimber 2005

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema wint in etappe yn de Tour de France. Mei him, âld-dielnimmers, kommentatoaren, freonen, fans en famylje en syn ploech sjogge we werom op dy bysûndere rit. In bus fol Harkiten reizget nei Frankryk om him oan te moedigjen, freonen reizgje by de etappes del mei de Fryske flagge. We sjogge de omballingen lykas de parse.

Lês mear oer Pieter syn Tour

Huis voor jongeren

23 Oktober 2005

Yn Ljouwert is it Huis voor Jongeren yn 2013 begûn. We folgje trije bewenners: Gerardus, Daniël en Dominiek. Troch gedrachsproblemen koenen se net mear thús wenje. Mei help en begelieding leare se foar harsels te soargjen. Yn 2005 sjogge we wer hoe't it mei se giet, ha se leard om foar harsels te soargjen?

Lês mear oer Huis voor jongeren

Jou Le Roy de Tiid

18 Desimber 2005

Portret fan keunstner-filosoof Louis le Roy (berne yn 1924 yn Amsterdam) dy't as tekenlearaar op It Hearrenfean wurke. Syn revolúsjonêre ideeën oer grienfoarsjenningen yn de stêd soarge yn de 60-er jierren foar de bynamme 'de doarpsgek fan Mildaam'. Syn motto is: de minske is de natuer. Syn park opboud mei pún en stiennen oan de Kennedyleane op It Hearrenfean wurdt opknapt. Syn fyzje is dat kultuer en natuer gearwurkje, te sjen yn syn Ekokatedraal yn Mildaam. Syn fyzje hat oer de hiele wrâld folgelingen.

Lês mear oer Jou Le Roy de Tiid

Pages

123456789101112…

Kontakt Weromrop.frl

WEROMROP.FRLOmrop FryslânSuderkrúswei 28938 AP Ljouwertinfo@omropfryslan.nl

Oer Weromrop.frl

Weromrop.frl is in inisjatyf fan Omrop Fryslân

Mear Frysk filmmateriaal fynst op www.fryskfilmargyf.nl

Weromrop is ûnderdiel fan de Fryske erfguodhub Redbot.frl en is mei mooglik makke mei stipe fan de Provinsje Fryslân.

Kontakt

Lêste fideo

© Omrop Fryslân

TAGS:Weromrop

<<< Thank you for your visit >>>

Websites to related :

ads

Hot Websites